Bakkerij ticht fanwege euro

29 des 2001 - 00:00

Bakker Zijlstra (90) fan Aldtsjerk sil mei yngong fan 1 jannewaris ophâlde. Dit fanwege de ynfiering fan de euro. Hy hat op syn leeftiid gjin nocht mear om syn saak oan te passen oan de euro.

De lêste jierren bakt Zijlstra gjin bôle mear, mar wol syn spesjaliteit Oranjekoeke. Tegearre mei syn frou hat er al fan 1943 ôf de saak yn Aldtsjerk. It pear sil nei âld en nij mei pensioen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)