Bakker mei stjer 2013

06 jun 2013 - 08:22
  • ierdbeieskelp bakker met ster

Echte bakker Van der Kloet yn de Bilgaardpassaazje yn Ljouwert mei himsels 'Bakker met Ster 2013' neame. De saak krige de ûnderskieding fan it Nederlands Bakkerij Centrum, dat alle jierren in ferkiezing organisearret. Bakkers kinne dêr ien, twa of trije stjerren mei fertsjinje. De ûnderskieding is neffens de brânzje te fergelykjen mei de Michelinstjerren foar restaurants. Bakkerssaken wurde beoardield op ûnder oare kwaliteit en klantfreonlikheid.

Twa jier lyn wûn Van der Kloet ek al ris in stjer.

It bakkersbedriuw hat acht festigings. De produkten wurde makke yn de sintrale bakkerij yn Frjentsjer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)