Bakkefeanster rydt auto oan

23 sep 2011 - 15:56

In 29-jierrige frou út Bakkefean hat tongersdei yn Grins in botsing feroarsake dêr't in oare autobestjoerder by ferwûne rekke. It ûngelok barde by in spoaroergong yn de stêd.

Dêr moast in 27-jierrige man út Sânhuzen mei de auto remje foar de spoarbomen dy't delgiene. De frou út Bakkefean hie dat te let sjoen. Se botste mei har auto achterop de wein fan de Sânhúster. De man is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)