Bakkefeaner boartet foar plysje

18 jul 2004 - 13:24

In man út Bakkefean is fan 'e wike yn Grinslân ûntmaskere as nepagint. De man hie yn syn auto in stopboerd, krekt sa'nien as yn in plysjeauto. Mei dat boerd boarte er op de A7 by Nieberd foar plysje. Sa hold er ek in Fryske plysjeman yn boarger oan.

Doe't de nepagint de echte plysje in tút joech, frege de echte de sabeare om in legitimaasje. Dy naaide doe rinnend út. Hy is oanholden doe't er oanjefte die fan it stellen fan syn auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)