Bakkati trije wedstriden skorst

19 des 2003 - 00:00

De oanklager fan 'e KNVB wol Said Bakkati foar trije wedstriden - wêrfan ien ûnder betingst - skorse foar syn reade kaart fan ôfrûne woansdei yn 'e bekerwedstriid tsjin NEC. Bakkati krige doe fan skiedsrjochter Bossen in reade kaart foar 'gemeen spul'.

Bakkati moat foar moandei witte litte oft er akkoart giet mei it foarstel, oars wurdt de saak foarlein oan de tuchtkommisje. Bakkati mei sneon wol meidwaan oan de wedstriid tsjin Roda.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)