Bakkati tekenet trije jier by

12 mrt 2004 - 00:00

Said Bakkati bliuwt langer by SC Hearrenfean. De 21-jierrige ferdigener is op it stuit dwaande oan syn fjirde seizoen by SC Hearrenfean. Syn kontrakt soe oan de ein fan dit seizoen ôfrinne. Bakkati hat no in nij kontrakt tekene dat trochrint oant healwei 2007.

Bakkati is populêr by it publyk fan Hearrenfean fanwege syn entûsjasme en syn goeie wedstriidmentaliteit. Ek mei Bakkati graach mei oanfalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)