Bakhuzen wol Riis helpe

05 nov 2014 - 16:53
  • Winkel yn Bakhuzen

Bakhuzen wol de asylsikers dy't nei Riis komme de helpende hân biede. Bakhuzen hat in sintrumfunksje yn de regio mei foarsjennings lykas sportferienings, in skoalle en winkels. Dy binne belangryk foar de flechtlingen, sa tinke guon ynwenners fan Bakhuzen. Dêr kinne asylsikers ek fan profitearje.

Bakhuzen hat yntusken kontakt socht mei de gemeente en it COA om hjir oer te praten. It doarp leit goed twa kilometer fan Riis. Dizze wike waard bekend dat maksimaal 500 asylsikers ûnderdak krije yn Mooi Gaasterland yn Riis.

By de wurkgroep 'Wolkom yn Riis' binne ferskate inisjativen binnenkaam om de asylsikers ek op wei te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)