Bakens net by Cambuur

17 des 2012 - 13:08
  • SC Cambuur

Tim Bakens spilet tiisdei net foar Cambuur yn de bekerwedstriid tsjin FC Den Bosch. Hy hat lêst fan syn achillespees. Leon Broekhof is syn ferfanger. Michiel Hemmen begjint op de bank. De spits hat de lêste training moandei hielendal meidien, mar is noch net fit genôch om yn de basis te begjinnen. Martijn Barto begjint yn de spits.

Fierder is de opstelling fan Cambuur itselde as ôfrûne freed tsjin Excelsior. As Cambuur wint fan FC Den Bosch, dan pleatse de Ljouwerters har foar de kwartfinale fan it bekertoernoai.

Dat is Cambuur yn de skiednis noch mar ien kear earder slagge. Yn it seizoen 1995/1996 waarden de Ljouwerters nei ûnder oare oerwinnings op SC Hearrenfean en Ajax doe mei 1-0 útskeakele troch Sparta Rotterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)