Bakens en El Makrini ûnwis

23 aug 2012 - 13:39
  • Tim Bakens
  • Mohamed El Makrini

It is noch ûnwis oft Tim Bakens en Mohamed El Makrini freed meidwaan kinne by Cambuur yn de wedstriid tsjin Eindhoven. Ferdediger Bakens hat lêst fan de ljisk en middenfjilder El Makrini fan it ankel. Meast logyske ferfangers as se net spylje kinne, binne Leon Broekhof en Frits Dantuma, mar neffens trainer Alfons Arts binne der meardere opsjes.

Erik Bakker, Martijn van der Laan en Vincent Weijl sitte noch net by de seleksje. Se binne noch net fit genôch nei harren blessueres.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)