Bak-Nielsen yn maart werom

28 feb 2008 - 08:54
  • Kristian Bak Nielsen

Hearrenfean-ferdigener Kristian Bak-Nielsen is mei súkses opereard oan it ankel. Yn it AMC fan Amsterdam binne twa skroeven yn it gewricht set. De Deen sil him healwei maart wer melde op It Hearrenfean.

Bak-Nielsen krige ein ferline jier lêst fan it ankel. Earst wie net dúdlik wat der oan de hân wie, mar út in twadde ûndersyk die bliken dat der in skuorke ynsiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)