Bak Nielsen net tsjin AZ

15 jan 2008 - 16:15

It herstel fan SC Hearrenfeanspiler Kristian Bak Nielsen duorret langer as ferwachte. De Deen like hast wer better fan syn ankelblessuere, mar krige in tebeksetter. Bak Nielsen mist no sneon de thúswedstriid tsjin AZ.

De sintrale ferdigener rekke yn 'e wedstriid tsjin NAC Breda op 15 desimber blessearre. Dêrnei kaam er net mear oan 'e bak. It is noch ûndúdlik of't Bak Nielsen tsjin VVV wer ynsetber is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)