Bak-Nielsen definityf fuort

06 aug 2010 - 07:03

Kristian Bak Nielsen ferlit definityf Sportklup Hearrenfean. De ferdigener hat in kontrakt foar fiif jier tekene by de Deenske klup FC Midtjylland. By dy klup helle Hearrenfean him yn 2007 ek wei.

Bak Nielsen hie noch in kontrakt oant 2011 by Hearrenfean. Hy kiest no foar FC Midtjylland omdat er dêr nei syn aktive fuotbalkarriêre mooglik in plakje krijt yn de technyske stêf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)