Baggerwurk fivers Stania State

22 aug 2012 - 15:49

Steatsboskbehear is begûn mei it baggerjen fan de fivers fan Stania State yn Oentsjerk. It giet om perioadyk ûnderhâld, dat ien kear yn de tweintich jier dien wurdt. De fivers meitsje diel út fan it ûntwerp dat de ferneamde túnarsjitekt Roodbaard yn de njoggentjinde ieu foar it park om Stania State hinne makke hat. In diel fan it slyk dat der úthelle wurdt, is licht fersmoarge en moat yn spesjale kontainers ôffierd wurde. It wurk duorret oant heal septimber, it park is yn dy tiid wol gewoan iepen.

By it baggerjen wurdt rekken hâlden mei de trouwerijen, dy't de kommende tiid yn Stania State binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)