Baggerspul by Rijdende Rechter

30 jan 2009 - 21:26

In konflikt tusken It Fryske Gea en in partikulier wurdt tiisdei op de lanlike tillevyzje útfochten. In ynwenner fan Ryptsjerk wol in sleat baggerje om mei de boat by hûs te kommen. Hy wol de bagger kwyt op in natuerterrein fan It Fryske Gea.

De natuerorganisaasje wol dat net ha. De saak is troch it programma 'De Rijdende Rechter' behannele. Probleem is dat de seldsume blommen op it natuerterrein net sa goed oer bagger kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)