Baggerslib net droech genôch

04 sep 2013 - 19:49
  • Wurk oan de nije dyk fan Marsum nei Stiens

Foar de oanlis fan it lêste stikje fan it Noardwest-tangint sil gjin gebrûk makke wurde fan fersmoarge baggerslib as dykfundearring. Ut proeven docht bliken dat dit materiaal noch altyd net droech genôch is om ta te passen as fundaasje. De provinsje wol net langer wachtsje en kiest dêrom dochs foar tradisjonele dykferhurding. Der wurdt noch wol socht nei in oar projekt dêr't it fersmoarge baggerslib ynsetten wurde kin.

Nei alle gedachten giet it Noardwest-tangint tusken Marsum en Stiens ein oktober iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)