Baggerskip boppe wetter helle

29 des 2004 - 16:14

It is bergers yn de rin fan woansdeitemoarn slagge in baggerskip boppe wetter te heljen. It skip wie diels sonken op it Prinses Margrietkanaal by Koatstertille. It ferdwûn moandeitejûn mei de achterkant ûnder wetter.

Wat de oarsaak dêrfan is, is noch net bekend. Ut it skip is oalje lekt. Troch skermen om it skip te pleatsen, koe it Wetterskip Fryslân foarkomme dat dy oalje fuortrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)