Baggerrace yn Aldlemmer

19 jul 2009 - 13:43
  • Foto's: Lenus van der Broek

Sneontejûn waard yn Ald- en Nijlemmer in saneamde baggerrace holden. Fia sleatten en greiden moast goed twa kilometer ôflein wurde. Troch de hege wetterstân en in dikke laach einekroas wie de tocht frij swier.

Oan de baggerrace diene 20 froulju en fyftich manlju mei. Der wie in soad publike belangstelling. In freoneklup út Aldlemmer organisearren spontaan dizze baggerrace. By de manlju wûn Dolph de Haan fan Aldlemmer en by de froulju Suzan Krikke fan Skerpenseel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)