Baggerprojekt begjint yn Eagum

30 jul 2012 - 11:11
  • De opfeart fan Idaerd

De gemeente Boarnsterhim wol alle doarpen yn dy gemeente ek oer it wetter goed berikber meitsje. Dat is ien fan de doelen fan it grutte baggerprojekt, dêr't de gemeente dizze hjerst mei úteinset. Mei dit wurk wurdt begûn yn de opfearten fan Eagum en Idaerd. It slib dat hjirby frijkomt kin fuortendaliks brûkt wurde by it opheegjen fan 'e kaden.

Boarnsterhim en de provinsje stekke mei-inoar 5,8 miljoen euro yn it útbaggerjen fan fearten en marren. Ek yn de Alde Feanen sil baggere wurde om de kwaliteit fan de natuer te ferbetterjen.

Ek it wedstriidwetter fan it Skûtsjesilen by Grou en Earnewâld wurdt yn it ramt fan it baggerprojekt op djipte brocht. It baggerprojekt duorret oant it jier 2015. De gemeente Boarnsterhim bestiet dan net mear. As it wurk klear is, wurde de gruttere farwegen oerdroegen oan de provinsjen. De lytsere farwegen geane nei wetterskip Fryslân.

De earmlestige gemeente Boarnsterhim hie in efterstân mei it baggerwurk. Dy efterstân kin no fuortwurke wurde mei finansjele bijdragen fan it ryk (4 miljoen) en de provinsje. De provinsje koördinearret ek de útfiering fan it wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)