Baggerprobleem Fryslân oanpakt

28 nov 2002 - 00:00

It probleem fan baggerjen is fan de baan. Alle belutsen partijen ha ôfpraat dat der depots boud wurde om de bagger yn op te slaan. Om't der earder gjin opslach mooglik wie, waard ek net baggere. Provinsje, wetterskippen en gemeenten ha tasein om mei it baggerjen te begjinnen.

It ryk stelt takom jier 85 miljoen euro beskikber foar baggerprojekten. Deputearre Mulder hopet dat gemeenten gau mei plannen komme om te baggerjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)