Baggerjen by Warkum begûn

17 sep 2007 - 17:12

De provinsje Fryslân is moandei begûn mei it baggerjen fan de Jaansleat en de farwei fan Warkum nei De Fluezzen. Der wurdt yn totaal sa'n 65.000 kuub baggerslib ferwidere. De wurksumheden binne nedich omdat de wetters tichtslykje en om it wetter beskikber te meitsjen foar gruttere boaten.

It baggerwurk by Warkum is it fyfde baggerprojekt yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt. Ein jannewaris 2008 moat it wurk klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)