Baggerjen Snits wer fierder

24 sep 2007 - 11:38
  • It Snitser wetter is wer frijjûn foar it baggerwurk

It baggerjen fan de grêft by de Wetterpoarte yn Snits is moandei gewoan fierder gien. Freed waard it wurk stillein nei de fynst fan in granaat.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat de granaat fan nei de Twadde Wrâldoarloch is. Nei alle gedachten is er troch ien yn it wetter goaid dy't it projektyl kwyt woe. De ferwachting is net dat der noch mear granaten yn de grêft lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)