Baggerje by Warkum en Moarre

10 mrt 2008 - 19:37

De provinsje Fryslân begjint yn de lêste wike fan maart mei it baggerjen fan de Warkumer Trekfeart fan Warkum nei Boalsert en it Jan Broerskanaal fan Moarra nei Koudum.

By de Trekfeart giet it oer in ôfstân fan 12,5 kilometer en by it Jan Broerskanaal oer 2,5 kilometer. De Warkumer Trekfeart wurdt op in djipte fan 2,20 meter brocht en it Broerskanaal op 2 meter. It baggerwurk moat yn july klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)