Bagger nei sânwinplassen

10 mrt 2010 - 21:36

Alle bagger dy't yn Fryslân nei boppe komt, wurdt fan hjoed ôf oan nei fjouwer sânwinplassen brocht. It giet om de plassen by Suwald, Burgum, De Lemmer en Drachten. De fjouwer plassen binne oer it wetter berikber en dêrtroch hoecht de bagger net mear mei in frachtwein ferfierd te wurden.

De sânwinplassen binne djip en dêrtroch gefaarlik, troch it opfoljen mei bagger wurde de plassen feiliger om yn te swimmen en befrieze se flugger yn de winter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)