Bagger foar opheegjen fan lân

18 mrt 2008 - 22:11

It grutste part fan de bagger yn Fryslân kin opnij brûkt wurde foar de lânbou. Dat is de útkomst fan in ûndersyk fan de provinsje. Boeren kinne skjinne en licht fersmoarge bagger brûke om it lân op te heegjen. Dat sil net te'n koste gean fan de kwaliteit fan it lân.

Boppedat is it foardieliger, want der hoecht sa minder bagger opslein te wurden. De boeren binne bliid mei de útkomsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)