Badpersoniel lilk oer oername

12 des 2007 - 08:01

It personiel fan it swimbad yn Boalsert spant mooglik in koart pleit oan tsjin oername troch bedriuw Optisport. De wurknimmer binne teloarsteld dat de gemeenteried tiisdei mei de oername akkoart gien is. Der moar in sosjaal plan komme. Boppedat tinke se dat se der yn pensjoen op achterút gean.

De oername giet op 1 jannewaris yn. Optisport hat ek al swimbaden yn Harns, Snits en Dokkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)