Badgasten út fûgelgebiet helle

13 jun 2006 - 11:21

Steatsboskbehear op Skylge hat inkelde badgasten op it eilân út in fûgelbriedgebiet weistjoerd. It gie om acht opfarrenden fan skippen fan de brune float.

Sy leine yn in briedkoloany fan stirns en bûnte wylsters op de Noordsvaarder, oan de westkant fan it eilân. De fûgels briede dêr op hegerlizzende plakken, sadat de nêsten net fuortspiele kinne. Steatsboskbehear hat no 50 ekstra buordsjes pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)