Badeintsjefilm op Filmfestival

29 okt 2008 - 06:35

De film Duckumentary sil draaid wurde op it Noardlik Filmfestival. De film fan byldzjend keunstners en filmmakkers Patrick Gofre en Marga Houtman út Warns is sneon 8 novimber te sjen op Skylge en snein 9 novimber yn Ljouwert. De film giet oer in twa meter grutte bad-ein fan polyester dy't op syk is nei har jonkjes.

It idee ûntstie doe't yn 1992 in kontener mei tûzenen bad-eintsjes yn de Stille Oceaan bedarrre en letter oeral fan dat boartersguod oanspielde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)