Babycam sikehûs-thús

03 feb 2011 - 09:50
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

It sikehûs yn Drachten hat fan takom wike ôf babycams by widzes en kûveuzen te stean. Sa kinne âlden fan hûs út it bern yn it sikehûs sjen. Der binne trettjin babycams oanskaft mei jild fan de Freonen fan Nij Smellinghe. De kamera's binne wichtich foar de bining tusken heiten en memmen en harren lytse poppen. It jout in soad rêst as se witte dat se altyd de bern sjen kinne, seit it haad fan 'e berneôfdieling fan it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)