Babbeltrúks en strjitrôf

18 nov 2013 - 10:16

De plysje hat in 27-jierrige frou út Ljouwert oanhâlden dy't fertocht wurdt fan babbeltrúks en strjitrôf. Sûnt begjin septimber krige de plysje 35 oanjeften fan babbeltrúks. De slachtoffers wiene meast âldere minsken dy't troch de frou benadere waarden as meiwurkster fan de thússoarch of tromboazetsjinst. As se der ynlitten waard, naam se laptops, jild en telefoans mei.

De fertochte kaam nei foaren yn in helingsaak fan in mobile telefoan. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Yn Ljouwert hawwe sûnt de oanhâlding fan de fertochte gjin nije oanjeftes mear west fan babbeltrúks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)