'Baat by sluting sûkerfabryk'

17 jan 2008 - 10:44
  • It sûkerfabryk yn Grins

Fryske biteboeren profitearje fan de sluting fan it sûkerfabryk yn Grins. Dat ferwachtet foarsitter Upt Hiddema fan 'e fakgroep bouboeren fan boere-organisaasje LTO-Noord. De Suiker Unie makke woansdei bekend dat it fabryk yn Grins ticht giet.

It bedriuw hat no noch sûkerfabriken yn Hoogkerk, flakby Grins, en yn Dinteloord. Hiddema ferwachtet dat de Suiker Unie jild stekke sil yn dy twa fabriken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)