'Baas zoekt vrouw' súksesfol

06 jan 2010 - 10:03

It wurkgelegenheidsprojekt 'Baas zoekt vrouw', dat yn Noardwest-Fryslân rint, is in súkses. Fan de 103 minsken dy't meidien hawwe oan it projekt hat 59 % in baan fûn. Fierder is 14 % útfallen en docht 12 % fan 'e dielnimmers in oplieding.

Doel fan it projekt wie om yn it earste jier hûndert minsken oan wurk te helpen. Dat is net hielendal slagge, mar 60 % fynt de mienskiplike sosjale tsjinst fan de gemeenten yn Noardwest-Fryslân ek in moaie skoare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)