Baas: Heak om Ljouwert komt der

01 des 2003 - 00:00

Deputearre Baas tinkt dat yn 2007 begûn wurde kin mei de oanlis fan de Heak om Ljouwert. Dat konkludearret er nei in petear mei de ferkearsminister. Dy hat net konkreet wat tasein, mar nimt takom jier in beslút oer de krekte rûte.

Yn 2005 wurdt dúdlik hoe't de heak betelle wurde moat. Wethâlder Waanders fan Ljouwert tinkt ek op dat de oanlis yn 2007 begjint. As alles neffens plan ferrint, kinne automobilisten yn 2011 oer de nije dyk ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)