Baas fan Lauswolt presintearret finale Bocuse d'Or

03 sep 2015 - 18:31
  • Hotel-restaurant Lauswolt yn Beetstersweach

Marc van Gulick fan Lauswolt is oansteld as presintator fan de nasjonale finale fan de Bocuse d'Or. Van Gulick wie eins sjuerylid, mar omdat presintator Joop Braakhekke operearre wurde moat, is de baas fan Lauswolt frege him te ferfangen. De sjuery telt noch wol in Fries: Marco Poldervaart fan 't Havenmantsje yn Harns makket diel út fan de keukensjuery.

De nasjonale finale fan de Bocuse is op 21 septimber. Ien fan de dielnimmers is Jan Smink út Wolvegea. Hy fertsjintwurdige Nederlân it ôfrûne jier yn de wrâldfinale.

Hy helle dêr it njoggende plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)