Baas: 'Beslút As gau nimme'

16 feb 2006 - 09:57

Deputearre Ton Baas is benaud dat gemeenten har beslút oer de Sintrale As tusken Dokkum en de Wâldwei oer de gemeenteriedsferkiezings hinne tille sille. Baas fynt sels dat dy gemeenten yn Noardeast-Fryslân har advys oer de dyk perfoast foar de ferkiezingsdatum 7 maart bekend meitsje moatte.

Oars moatte nije gemeenteriedsleden mei in bytsje foarkennis in beslút oer it miljoenetrajekt nimme. En dat moat net, fynt deputearre Baas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)