Baarnende jacuzzi yn bedriuw op De Jouwer

06 apr 2015 - 09:54
  • De baarnende jacuzzi rikke omraak

De brânwacht fan De Jouwer moast moandeitemoarn yn aksje komme foar in baarnende jacuzzi. Dy stie yn in bedriuwsgebou oan de Tsjûkemar. De jacuzzi rikke omraak en der kaam in soad reek yn it gebou te stean.

Nei't de brânwacht it fjoer útmakke hie, is it gebou trochluchte. Stichting slachtofferhelp Salvage sil tegearre mei de eigener sjen hoe grut oft de skea krekt is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)