Baarnende hage op 'e Harkema

10 nov 2003 - 00:00

De brânwacht is yn de nacht fan sneon op snein op 'e Harkema útriden foar in baarnende hage. In rige konifearen wie yn 'e brân flein omdat der in folslein útbaarnde brommer tsjinoan kommen wie.

De plysje hat noch socht om 'e bestjoerder fan 'e brommer, mar dy wie yn gjin fjilden en wegen mear te bekennen. Om de brommerrider dochs noch op te spoaren is der in ûndersyk ynsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)