Baanrekord Wennemars op 1500 m

23 nov 2002 - 00:00

Erben Wennemars makke sneon yndruk yn Thialf troch op de 1500 meter in baanrekord te riden: 1.46,63. De Rus Lalenkov waard twadde yn 1.47,28, de Amerikaan Parra tredde yn 1.48,18. Uytdehaage waard fjirde yn 1.48,25.

Ids Postma stelde teloar. De Dearsumer waard 18de yn 1.50,77. "Ik wie net hielendal fit hjoed", sei Postma oer syn ôffallende prestaasje. De oare Nederlanners Mart Tuitert en Martin Hersman waarden tsiende en alfde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)