Baanrekord Sven Kramer

04 mrt 2006 - 12:56

Sven Kramer hat freedtejûn de fiif kilometer wûn by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf op it Hearrenfean. Syn tiid fan 6.14.90 wie goed foar in baanrekord. De Italiaan Enrico Fabris waard twadde. De Amerikaanske Olympysk kampioen op dizze ôfstân, Chad Hedrick, einige as tredde.

Hedrick pakte wol de oerwinning yn it totaalklassemint fan de fiif kilometer. Troch syn oerwinning waard Kramer noch twadde yn dat klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)