Baanfegers rûnom warber

07 feb 2012 - 13:11

In groep fan 70 frijwilligers en meiwurkers fan sosjale wurkfoarsjenning Empatec hat tiisdei rayonhaad Pieter Visser fan Starum holpen. Mei sniefegers hat de groep de alvestêderûte tusken Starum en Molkwar skjinmakke sadat it iis dêr noch better groeie kin. Ek âld-alvestêderider Kobus Finnema holp mei om de iisflier sniefrij te meitsjen.

Fan Caparis helpe 50 frijwilligers mei om de Bonke sniefrij te krijen. Yn Waldsein kinne se ek wol wat help brûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)