B-Wire hat it hiel dreech

20 maaie 2009 - 12:06

De leden fan de Fryske band B-Wire hawwe it hieltyd dreger om de muzykmaraton op 3FM fol te hâlden. Sjonger Wiebe Koopmans is yntusken foar 95% syn stem kwyt. De band joech him op foar de aksje Indecent Proposal by it radioprogramma Stenders Eetvermaak. Dêr kinne bandsjes airplay winne troch opdrachten út te fieren.

De opdracht fan B-Wire is om 27 oeren non-stop muzyk te meitsjen. Slagget dat, dan wurdt de single fan de band hielendal draaid op 3FM.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)