B en W wachtsje ûndersyk ôf

17 apr 2007 - 12:57
  • Boargemaster Liemburg
  • De wethâlders Doting en Hernamdt

B en W fan Littenseradiel gean yn alle gefallen de kommende acht wiken noch meiinoar fierder. Dat seit boargemaster Liemburg yn reaksje op it riedsbeslút fan moandei. De ried wol dat der in ûnôfhinklik ûndersyk nei de bestjoerskrisis komme moat. De boargemaster kin net mei de wethâlders.

Doarpsbelangen yn Littenseradiel makket him ek soargen oer de krisis. It soe ten koste gean fan it reguliere bestjoerswurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)