B en W prate oer de Koerden

09 okt 2000 - 14:16

Boargemaster en wethâlders fan It Hearrenfean prate moandei oer de mooglikheid om de dakleaze Koerdyske famylje Düzgün te helpen. Se sliepten ferline wike twa nachten ûnder it Feanster stasjon.

It ôfrûne wykein koe de famylje fan 10 minsken bykomme op in pleats yn Ketlik, mar dêr kinne se net langer bliuwe. De famylje is legaal yn Nederlân, mar hat gjin ûnderkommen en jildmiddels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)