B en W: FVC bliuwt op Hemrik

17 jan 2007 - 22:26

Fuotbalklub FVC bliuwt at it oan B en W fan Ljouwert leit, foarearst gewoan op 'e Hemrik sitten. It kolleezje hat gjin jild oer foar de ferhuzing fan de club nei it Wiarda-sportkompleks by Goutum, lykas de ried wol.

FVC wol nei de lokaasje dêr't ek sneons fuotbalklub Blau Wyt sit, omdat de club dêr groeie kin. It kolleezje fynt in ferhuzing gjin opsje omdat it kompleks dan gelyk fol sit. Ek kostet it tefolle jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)