B en W Boarnsterhim stappe op

19 feb 2009 - 18:00
  • Boargemaster Schadd-de Boer

It kolleezje fan B en W fan Boarnsterhim treedt ôf. Belangrykste reden dêrfoar is dat it kolleezje gjin kâns sjocht om de brede skoallen yn Akkrum en Grou te realisearjen. Dat komt omdat de finansjele posysje fan Boarnsterhim hiel min is en der op koarte termyn gjin ferbettering mooglik liket.

It kolleezje hat syn lot ferbûn oan de komst fan de skoallen. No´t dat earst net kin, wolle B en W net langer yn funksje bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)