Aziaten winne 500 meter opThialf

10 nov 2006 - 17:39

By de Wrâldbekerwedstriden reedriden op Thialf hat de Japanner Nagashima de 500 meter wûn, yn in tiid 35,10. Kang-Seok Lee waard twadde, Kyu-Hyuk Lee tredde. Jan Smeekens wie mei 35,66 de bêste Nederlanner. Hy waard úteinlik sechsde.

By de froulju wûn Sang-Hwa Lee, yn 38,23. Jenny Wolf waard twadde, Beixing Wang tredde. Bêste Nederlânske wie Margot Boer. Sy wie fyfde, mei 39,06.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)