AZC yn Riis is fan de baan

15 des 2014 - 18:59
  • It haadgebou fan Mooi Gaasterland

Der komt gjin asylsikerssintrum yn Riis. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren ôfpraat mei it COA, it Sintraal Orgaan opfang Asylsikers. Neffens dy organisaasje is dúdlik wurden dat der gjin bestjoerlik draachflak is foar in AZC of in opfanglokaasje.

De gemeente en it COA sille no op syk nei in alternatyf. Dêrby sil sjoen wurde nei de gruttere doarpen Balk, De Lemmer of De Jouwer. Dat wie ek in winsk fan de gemeenteried.

Boargemaster Aalberts seit dat de gemeente dy ferantwurdlikheid fielt en ek nimme wol. It giet dan om in asylsikerssintrum foar fiifhûndert bewenners. Boargemaster Arie Aalberts seit dat se in goed petear hân hawwe mei it COA. De kommunikaasje wie de lêste tiid net altyd like goed. Sa helle Aalberts tongersdei fel út nei it COA. Nei't dúdlik wie dat fertroulike ynformaasje lekt wie út 'ferkennende petearen' neamde Aalberts it COA ûnbetrouber. Aalberts stelt dat beide partijen leard hawwe fan de hiele affêre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)