Azc Kollum definityf ticht

05 jun 2003 - 00:00

It asylsikerssintrum yn Kollum is definityf ticht. Dizze wike binne de lêste flechtelingen oerbrocht nei oare opfangplakken yn Nederlân. It sluten fan De Poelpleats past yn it ynkrimpingsplan fan it COA.

Ek de azc's yn Snits en Ljouwert moatte ticht omdat it tal asylsikers werom rint. It terrein fan De Poelpleats wurdt wer in kamping. It azc hat njoggen jier iepen west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)