'Azc Frjentsjer bliuwt ticht'

25 jun 2006 - 13:11

De gemeente Frjentsjerteradiel wol net meiwurkje om de swierrichheden by it COA fuort te wurkjen. Asylsikers bliuwe folle langer yn it lân as it COA ferwachte. De organisaasje hat in flater makke troch de ôfrûne tiid tefolle azc's te sluten en wol dêrom guon festigings op 'e nije iepenje.

Frjentsjerteradiel wol har lykwols hâlde oan de makke ôfspraken en dat betsjut dat der gjin flechtlingen mear yn it gebou komme sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)