Azc foar maksimaal 300 asylsikers yn Wytmarsum

12 feb 2016 - 14:21
  • It kleaster yn Wytmarsum
  • De brief fan de gemeente oer it azc yn Wytmarsum

Der komt nei alle gedachten in asylsikerssintrum yn Wytmarsum. It COA hat de gemeente Súdwest-Fryslân frege om mei te wurkjen oan in azc mei plak foar 300 minsken. It sintrum soe komme op de lokaasje dêr't earder ek al ien sitten hat, op it terrein fan it eardere kleaster yn it doarp.

It giet om opfang foar in perioade fan fiif jier, mei de mooglikheid om dy perioade mei nochris fiif jier te ferlingen. It Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers hie einst 400 flechtlingen ûnderbringe wollen yn Wytmarsum, mar dat fûn de gemeente te folle.

Ynformaasjegearkomste

In mearderheid fan de gemeenteried stipet de plannen. Kommende tiisdei is der in ynformaasjegearkomste yn it âlde gemeentehûs yn Wytmarsum. Dêr is elkenien wolkom, minsken hoege har net te legitimearjen.

Earder ek al in azc

Flechtlingen binne net nij yn Wytmarsum. Yn itselde gebou siet yn de jierren njoggentich ek al in asylsikerssintrum. It gie doe benammen om minsken út it eardere Joegoslavië. Dêrnei waard it brûkt as needopfanglokaasje foar útprosedearde asylsikers. Tsjin de winsk fan it Ryk yn waard dêr ûnderdak bean oan in grutte groep minsken. Yn it doarp wie altyd in soad animo om wat te dwaan foar dizze groep. Uteinlik luts de behearsstichting fan de Needopfang Wytmarsum de stekker der út. It wie finansjeel net mear fol te hâlden. Yn 2008 giene de lêste asylsikers út Wytmarsum wei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)