AZC Drachten wurdt útwreide

12 aug 2014 - 11:37
  • (fotofoarbyld)

It asylsikerssintrum oan it Noarderein yn Drachten wurdt de kommende tiid útwreide. De hjoeddeistige gebouwen wurde foar in grut part ferfongen en der komme mear gebouwen te stean. Yn 2015 moat der in fernijd asylsikerssintrum stean dêr't 600 minsken ûnderbrocht wurde. No binne dat der noch 475.

Opfangorganisaasje COA hat fanwege de grutte stream asylsikers ferlet fan mear opfangplakken en hat dêrom mei de gemeente Smellingerlân oerlein oer de útwreiding.

Doe't it asylsikerssintrum yn 1997 yn Drachten kaam, wie der de earste jierren ek plak foar 600 bewenners. Yn 2009 waard dat oantal werombrocht nei maksimaal 475. Omwenjenden en bedriuwen binne mei in brief op de hichte steld fan de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)